Lêste winsk
Door Elmar Kuiper
You can listen to this text in Bouwurk
Elmar Kuiper will read it to you himself!
‘Wannear sille we nei Klaas Sjoerd?’ frege er. Ik helle de skouders op en sei dat ik efkes hearre soe. Eins wie er te min om de doar út. ‘Yn in buske fan Witteveen.’ ‘Ja, yn in taksybuske,’ mompele ik. ‘Soan, helpst my even,’ hime er. ‘Ik wol wat fan de wrâld sjen.’ Ik skeat op him ta, drukte op in griene knop. It bêd gie licht piipjend nei de sitstân. De matras joech in knaplûd.
Ik siet neist him en dikere nei bûten. De winter hie it hiem as in kado ynpakt. Der lei in bonke iis yn ’e sleat. ‘Leit heit wol lekker?’ frege ik. ‘Moat der in kessen by?’ Heit brimme en himme en wiisde nei it papier. Syn finger trille. ‘Dat nûmer fan Talk Talk; life’s what you make it, moat mar net,’ sei er. Hy rachele in kear. ‘Voor haar fan Frans Halsema moat derop,’ flústere er. Ik hie mei him te dwaan. De wangbonke stuts hast troch it fel hinne. De siken leine him heech. ‘Mar heit hat dochs net folle mei it Hollânsk,’ gie ik der foarsichtich tsjinyn. ‘Dyn mem hold der sa fan. It wie ús liet.’ Syn stim klonk tear. De ieren op ’e rêch fan syn hân wiene tsjok en hiene in aparte, griisblauwe kleur. ‘Hast it opskreaun?’ Ik knikte.
Heit wiisde nei it rút. It snijde licht. ‘Hoe is it mooglik. It wol winterje.’ De wyn helle oan. De snie dune wat. De beripe tûke fan ’e esk tikke tsjin ’e dakgoate. ‘Hè ju, hè ju,’ bearde er. ‘Ik moat efkes neitinke oer it libben.’ Hy die de hannen gear en de eagen ticht. Hy like sa wol wat op Freek de Jonge, dy healwize kabaretier. Ik krige de pinne beet, skraste life’s what you make it troch en skreau Voor haar op. Ik gie de list mei nûmers del. Twa kear Cuby and the Blizzards. Albatros fan Fleetwood Mac. Thank You fan Led Zeppelin. And the wind cries mary fan Jimi Hendrix. Ik miste Neil Young syn Freedom, de plaat dy’t ik him kado joech, in jier nei mem har ferstjerren. Apart, tocht ik, om sa mei de dea dwaande te wêzen, alles oant yn de puntsjes te regeljen. Ik miste de stipe fan in broer, in sus. Ik miste mem. Ik hie mei mysels te dwaan.
In oere letter kaam Annie fan ’e thússoarch. Sy makke heit wekker, wosk him fan top ta tean en luts him in skjin ruft oan. ‘Sisa, menear Kuiper, jo binne it heartje wer.’ Heit glimke. ‘Jo sjogge der goed út,’ liigde se. ‘Moarnier kom ik wer!’ En fuort wie Annie wer. Heit pluze in mueslireep op. Syn eagen sonken hieltyd mear yn it antlit wei. Syn earm waard akelich tin, giel sprytsje. Ik rûn mei syn tútbeker nei de keuken ta, draaide de dop derôf en die de kraan iepen. ‘Klaas Sjoerd,’ rôp er. ‘Komt klear heit,’ rôp ik werom. Ik hie syn tútbeker yn ’e linkerhân en myn beker kofje yn ’e rjochter, lange him de beker oer en gie neist him sitten. Ik naam in slok. Heit naam ek in slok. Hy koe sels noch drinke. ‘Beitske 33,’ sei er, ‘is sa’n eigenwize geit, mei twa klokjes en in deftige sik. De oeren steane der wat bryk ûnder mar dat mei der hinne bruie. It is in oester. Sy wol ekstra oandacht fan it baaske.’ Heit naam wer in slok en begûn te hoastjen. Ik skeat oerein en lange him it spuibakje oer. Hy kwitste deryn. ‘Heit moat net tefolle prate.’ Nee, heit wie te min om nei Beitske 33 ta te gean.
Dy jûns gie ik in oere as alve nei de souderkeamer en knipte it ljocht oan. Der hong in muffe, soere lucht. De poster fan David Bowie en fan Rocket, de swarte Amerikaanske bolle, hong oan ’e skeane wand. De inkettekening ek, dy’t ik yn ’e earste klas fan ’e MAVO makke hie en dêr’t ik in tsien foar krigen hie. Der stie in nuveraardich meunster op dat yn ’e kop fan in slange biet. In jonge seach earnstich en swaaide mei it swurd fan Grutte Pier. Gelokkich lake heech yn ’e hoeke de sinne. Ik die de babyfoan oan, stapte yn bêd en krûpte ûnder de tekkens. Ik hold de sokken oan.
Oaremoarn stiene de blommen op ’e ruten. Ik strupte hastich de klean oan en gie nei ûnderen ta. Annie hie al lâns west. Heit sliepte. Ik behimmele fjouwer stikjes bôle, die it doarke fan ’e ikehouten kast iepen en krige in foto-album derút. Der stie mei filstift: MYN BEITSKES op. Ik sloech it album iepen. It hie swarte siden en siet grôtfol foto’s fan syn Beitskes; fan de stammem en har neikommelingen. Profesjonele foto’s ek, dêr’t de topgeiten proastich op in lyts heuveltsje fan keunstgers stiene. Heit skôge de bisten hiel kritysk. Hy hold fan geiten mei ynhâld, sterke poaten en in knap jaar. Under de foto’s hie er mei in wite stift notysjes makke. Sa stie der by in foto fan Beitske 5 dat it in geit mei in fraai eksterieur wie. Se hat in spesjaal karakter, is hiel eigenwiis. Dêr mei ik wol oer!!! Toe mar. Trije útroptekens. En by Beitske 27: Dit is in wier produksjemeunster. Jout acht mingel deis. Is net ‘moeders mooiste’ mar lit har altyd moai sjen. It bist is fotosjenyk! It is útsoarte in ‘alfa’ geit.
Ik toetste it nûmer fan Klaas Sjoerd yn. Hy naam sels op. Hie it drok. Siet midden yn ’e lammerij. Hoe’t it mei Beitske 33 gie. Poerbêst. Al aardich swier. In pear wiken noch. Nee, gjin eigen bok. In Frânske. It kaam eins min út. Oft er in gatsje fine koe. Hjoed? Oft ik in grapke makke. By jim? Okee. Moat mar. Jawis. Syn lêste winsk. Komt klear!
Letter dy middei die Klaas Sjoerd de klompen út en stapte sa mei Beitske 33 nei binnen ta. Yn ’e keamer bûgde er him foaroer en makke it knipke fan ’e halsbân los. De geit seach ferheard om har hinne, stuts de earen op, sloech mei de sturt, mêke en draafde senuweftich hinne en wer. Heit lei op ’e side en hie it ûnrêststek beet.
It snijde wer. De winter soe noch wol even duorje. Klaas Sjoerd – dy’t de overall noch oan hie – en ik holpen heit oerein. ‘Bist dêr, fanke’ sei er. De geit stapte kalm nei it bêd ta. De hoefkes koest hiel goed hearre op ’e houten flier. ‘Ik bin it. Baaske moat even op bêd bliuwe.’ Ik drukte op in knop. Mei in bromtoan sakke it bêd nei de leechste stân. ‘Past Klaas Sjoerd goed op dy?’ Beitske 33 sprong linich op it bêd. Heit krige in loksillige glim om ’e mûle. ‘Hoe is it no,’ sei er. De geit die de sturt omheech. Op it wite lekken foelen swarte dropkes. ‘Sis it mar tsjin it baaske.’ De geit stapte oer de skonken en drukte mei de hoeven op syn meagere boarst. Heit smûgde. It bist sakke troch de knibbels, ruts de hals út, haffele yn heit syn burdsje, slikke him om it antlit en sobbe oan syn kâlde leltsje. Heit hie de eagen heal iepen en liet it mar gewurde, struts noch even mei de hân oer de pânse fan ’e geit en luts doe wyt wei. De lammen skopten wakker doe’t syn earm slop waard.
Elmar Kuiper
Elmar Kuiper (1969) writes poems, short stories and plays. He is also a visual artist and occasionally writes reviews. He has published seven Frisian-language collections: Hertbyt, Ut namme fan mysels, Granytglimkes, Hiemsiik, Stienkeal (Bornmeer publisher), Wite Mûle, Swarte Molke and Ferlosboartsje (Hispel publisher). His Dutch poetry book Hechtzwaluwen was published by Augustus and Ruimtedier and Blauwe hanen by Atlas Contact. In 2025, Kuiper’s eighth Frisian collection Moedfear will be published by Hispel.
A selection of his work has been translated and published in German under the title: Da scharwenzeln spottvögel mit der schwerkraft and in English: Earthskin.
instagram.com/elmarkuiperartist
Photo: Joyce Schotsborg