Fan Dûnser en Dief
Door Wilco Berga
In Leeuwarden a sentence
is on road signs for a week
Rin ik en rin troch it greidlân fan earder,
wiest in jonge hjir mei de langst yn it liif.
Rin ik en rin troch de stêd fan destiids,
bin wer in swalker, dimmen as in dief.
Rin ik en rin wer mei freonen de stêd yn,
wiest in jonge hjir mei fjoer yn it liif.
Rin ik en rin lâns al ús dierbere plakken,
dwaal troch de buert, skerp as in dief.
Rin ik en rin oermoedich de nacht yn,
wy jonges hiene snoade plannen yn ’t liif.
Rin ik en rin troch stegen fan oantinkens,
sweef op it plein om, sykjend as in dief.
= = =
It bertehûs sa op it sicht neat feroare,
it feemerkkafee der’t wy dûnsen dy jierren
waard monumint fan ús feest. Sjochst
de yngong mei dûbele doarren fan fierren.
Oer it fjild bringt de skrale wyn gjalpen fan
fammen, setst de kraach op fan dyn jekker.
Mei’t yn ’e skimer de biten fan ’t lân komme
groetest it giseljend ljocht fan ’e trekker.
Yn ’e storein oer ’t boulân sjochst de fegen
fan ’t gielweagjend koalsied op dyn linnen.
Skilder wiest fan it ûneinich jierappelgrien,
skilder soest wurde yn ieren en sinen.
= = =
Fol fan ’t kleurde lân sweefdest oer dykjes
op ’t ritme fan einleaze heechsimmerdagen.
Diest in skilderdûns mei ’t iere moarnsljocht,
dêr’t freonen oerémis de hazzen ferjagen.
Wiest in jonge noch mei dyn tubes fol passy,
hast se hielendal útknypt, joechst dysels bleat.
Op dyn selsportret stiest yn ’t mânske dekor
fan blauwe seeklaai, baarnde omber, pioenread.
Wiest in jonge dy’t de fûgels op doek yn ’e hûs
helle, hiest by ’t winter de sniejacht yn ’e hân.
Seizoenen binn’ ferflein yn ’e gystene seewyn,
de kleuren hast fêstlein op doeken fan ’t lân.
= = =
Hjoed bist skilder fan ’t deistich stillibben,
mei ’t lân foar eagen wurkest leafst binnen.
Sjochst hoe ’t de stêd stadich feroaret, kinst
amper wachtsje oan nij wurk te begjinnen.
By sinneskyn waar sjochst de mar yn ’e fierte,
by see trefst in freon dy’t foar dy posearre.
Witst noch fan ’e fûle petearen sûnder ein
– soest jim protestliet graach nochris hearre.
Hjoed sjongst yn stilte dyn selsskreaun liet,
it refrein fan ’e dei hast as koar yn ’e holle.
Stiest mei dyn leafste alwer op ’e dûnsflier,
gjin dûnsjen op doek is de skilder tefolle.
= = =
En noch sjochst de stêd mei jim jongeseagen,
tekenst de strjitten sa’t jim se betochten.
En noch tekenst it útsicht fan jim keamers,
skilderst it lânskip sa’t freonen dat sochten.
Hearst wer it disellûd fan ’e stielblauwe trein,
sjochst de fammen op ’t spoar nei oare stêden.
Sjochst it oan lykas earder, hast dyn fragen,
wêr giet it hinne, wêr is hjoed wat te rêden?
Wêr’t wy wennen is it tsjuster, de gerdinen
stiif ticht – kenst alle keamers fan binnen.
Us libben hjir stiet op it netflues as bewiis,
op ’t skilderij fan ’e steech sjochst ús rinnen.
= = =
Wêr’t ik wenje is it ljocht, de ruten steane
iepen, rûnom bout men huzen fan hout.
Om my hinne bout men oan ’t ivige libben,
dêr’t inkeld it libben al ivich striid jout.
Fjoerwurk ferljochtet de dakken en ’t lân,
klokken drage fier mei har galmjende brûns.
Troch de snie wâdzjend hear ik it gûnzjen,
hoe soe ik my no net oerjaan oan ’e dûns?
Hoe soene wy jûn dan net sitte te swetsen
oant djip yn ’e nacht oer ús leafdes en striid.
Op sketsen stean de wynglêzen al op tafel,
wy jûns dêr omhinne, libjend dat it stiet.
= = =
Rin ik en rin troch it fjild fan ús jierren,
bin ik wer in swalker, de langst yn it liif.
Rin ik en rin mei freonen de stêd troch,
dwaal troch ús âlde buert, skerp as in dief.
Rin ik en rin wer oermoedich de dyk út,
fannijs haw ik snoade plannen yn ’t liif.
Rin ik en skets en skilder myn útsicht,
fan ’t ljocht oer de dakken bin ik in dief.
Rin ik en skilder mysels griene leanen,
skilder de jûntiid mei de leafde yn it liif.
Skets ik mei kryt in dekôr om te rinnen
– hjoed en moarn bin ik dûnser en dief.
Wilco Berga
Wilco Berga is a visual artist and writer of poetry, prose and theatre, in Frisian and Dutch. As a visual artist he mainly produces paintings and objects. As a writer he has published eight poetry collections, seven Frisian novels, short stories, plays and musical theatre pieces. His poems have appeared in literary magazines Tirade and Trotwaer/De Moanne and in anthologies. His most recent musical theatre piece is Paardenkracht Mannenmoed, about the Ameland rescue service. His most recent poetry collection is Allinne en yn koar/Alleen en in koar. Wilco Berga also wrote song lyrics for Frisian artists, including Tet Rozendal and the rock group Reboelje, and translated chansons by Jacques Brel for singer Douwe Heeringa. Berga herself made two CDs with her own lyrics: Sjonger en Dichter/Zanger en Dichter, in collaboration with singer/musician Ernst Langhout and Dagen Dûnsje Foarby/Dagen Dansen Voorbij, with various Frisian musicians.
bbaansee.nl
Picture: Tanja Blokland