De jas fan Royce
Door Ate de Jong
This publication was published by GrootMedia
Watch it online at grootdefryskemarren.nl
It wie gjin leafde op it earste gesicht, sa as mei Obama. Peter R. de Vries wie my te macho. En dat stakkato wurdgebrûk oan de talkshowtafels fûn ik ek net nedich. Dim mar wat, Peter, tocht ik, want hast se allegear yn ’e bûse.
Mar Bauke Vaatstra, de heit fan de fermoarde Marianne, learde my wat by. ‘Jo sjogge it ferkeard De Jong,’ sei hy, ‘Peter is in man út ien stik. Hy stiet dei en nacht foar ús klear. En net allinne foar ús.’
Fûn ik moai om te hearren.
Ik wurke by Tûmba, it anty-diskriminaasjeburo yn Fryslân. Wy fûnen dat der yn ús lân te min oandacht wie foar bernemishanneling en oar geweld achter de foardoar. Want dat is fansels de échte terreur yn dit lân, tûzen kear grutter as de terreur fan in pear trochsleine moslimfanatisy. Wy fregen bekende Nederlanners om mei ús yn aksje te kommen. Peter wie de earste dy’t reagearde. Moarns om acht oere gong de telefoan. Peter die mei.
Ik stelde myn byld by. Ik hearde mear ferhalen oer de yntegere, belutsen en soarchsume kanten van de stoere crimefighter. En dat er in hele hurde wurker wie. Ik wie om. Ik wie fan. By it proses tsjin Wilders kaam hy de rjochtseal yn mei in pûde krintebollen. Ek dat fûn ik prachtich. Ik fûn alles prachtich. Mar dat krije jo at je fan binne.
Dan wurdt er delsketten troch laffe malloaten. Foar in pear sinten plege se in oanslach op in folksheld en sjitte tagelyk har eigen libben nei de kloaten. Peter libbet noch in pear dagen – Nederlân hâldt syn adem yn – mar hy hellet it net.
In lyts jonkje seit yn it Jeugdjournaal dat er it sá spitich fynt dat Peter der net mear is: ‘Ik hie sá graach wollen dat hy der noch wie, dan koe er syn eigen saak oplosse.’ Altyd en oeral binne der machtswellustelingen, mar der binne ek altyd moedige minsken en fantasyrike famkes en jonkjes (#lytsgelok).
Ik bin fan slach. Fiel my machteleas. Ik stel in died: ik keapje krintebollen. In hiel lyts gebaar, mar it helpt my, sokke lytse gebaren. At heal Amearika kiest foar in rasist en seksist ha ’k itselde. It is te grut, wat kinne je dêr tsjin dwaan? Dan neury ik de hele dei Imagine. Stil protest.
Tink dy yn dat der gjin lannen binne.
Sa moeilik is dat net.
Neat om foar te deadzjen of te stjerren.
En ek gjin geloof mear.
Miskien seist dat ik in dromer bin.
Mar ik bin net de iennige.
Nee John Lennon, do bist net de iennige.
Ik sjoch op telefyzje hoe’t syn bern – Kelly en Royce – mei de dea fan Peter omgean. Emosjoneel én ferstannich. Hiene se der rekken mei hâlden dat se hun heit fierste betiid kwyt reitsje soene? Peter syn ôfskiedsbrief lei al lang klear.
Yn in dokumintêre rint Royce troch Amsterdam yn in prachtige jas. Ik wol ek sa’n jas. Tsien minuten letter ha ’k ’m besteld, de oare deis ha ’k ’m oan.
It is in heallange blaugrize jas, mei subtile reade byskes oan de binnenkant en djippe bûsen. Op in label lês ik: ‘Cashmere’ en ‘Made in Italy’. Wow … ik haw in Italiaanske kasjmierjas kocht. Hy past presys en myn reade antyfassisme-trijehoekje heart gewoan op ’e revers.
Om no te sizzen ‘lyts gelok’, dat giet miskien krekt te fier, mar de jas is net idioat djoer. Oars hie ’k ’m net kocht. Myn partner seit dat ik idel bin, mar ik fyn dat dat wol tafalt. Ik stean noait lang foar de spegel, mar miskien komt dat ek omdat ik der wol op fertrou dat myn hier wol goed sit. Mar myn earste al te kleurrike kijk-mij-eens-skuon moat ik noch keapje. In spikerbroek mei skuorren, dy ha ’k as santichjierrige trouwens wol kocht.
Myn oankeap is in earbetoan, hâld ik mysels foar. At minsken my kompliminteare mei de jas fertel ik it ferhaal fan Peter en syn soan. Sommigen sjogge my wat ferwûndere oan. Se skodzje noch krekt net mei de holle, mar ik tink dat se tinke: wer krekt wat foar Ate. At ik op in snein yn Menaam út ’e bus stap, ûnderweis nei it keatsen, freget in jonge man: ‘Menear, mei ik jo wat freegje? Binne jo notaris?’ Ik fertel ’m fan Peter. Hy fynt dy moard ek freeslik.
It ôfrûne jier fiel ik my fanwegen sykte gauris kwetsber. En dan haw ik alle kearen dat ik de jas oanlûk in aparte sensaasje. It fielt suver at Royce en Peter by my binne. Mei my oprinne. Omjûn troch it goede. It komt op de fantasy oan. It komt altyd op de fantasy oan. Ik fantasearje ek wolris oer in bear. Dat wy tegearre troch it doarp rinne, dat hy in poat op myn skouder leit en dat ik in sjekje foar him draai.
Ik bin net spiritueel. Allinnich at it om keatsen giet. Ik tinkt dat it helpt at ik foar Tjisse bin op de PC, mar dat is yntusken wol empirysk bewezen.
Mar sa’n jas? Omjûn troch it goede? Klinkt sweverich Ate, en ûnlogysk. No en? De moard op Peter R. – dy is logysk! Oaren hawwe de Bibel of Happinez. Lit my myn eigen leauwen.
Peter hat yntusken syn eigen byld op it Leidseplein yn Amsterdam. Op in moaie neisimmermiddei – de jas oan – lis ik myn hân op it byld. It is in tear byld. Gjin opstutsen fûsten tsjin de misdied, mar twa útstutsen hannen dy’t elkoar reitsje. Gjin heldeferearing, dat woenen syn ferstannige bern net, want dat hie hun heit ek net wollen. Op de earms stiet yn 41 talen wat Peter skreau oan syn bern yn syn ôfskiedsbrief: ‘Hâld as it nedich is dyn rêch rjocht. Kom op foar swakkeren en minderheden (…) en harkje nei dyn gefoel foar rjochtfeardigens. En bring dat wer oer op dyn bern. Dan komt it allegear goed.’
Ja, ek yn ’t Frysk. En yn braille. Ek dat is soarch.
Ate de Jong
Ate de Jong (1951) is a journalist, columnist, writer and activist. He worked at Tûmba (knowledge centre for discrimination and diversity) in Leeuwarden until his retirement. He contributed to books about handball players Piet Jetze Faber and Hotze Schuil and together with Radboud Droog he wrote Henk, één met de twaalfde man (Henk, one with the twelveth man) about the popular Cambuur trainer Henk de Jong. He writes columns in local newspapers.
De Jong has always been active as an activist. In 1976 he founded the Frisian Anti-Fascism Committee (FAFK) together with others; a movement that fought to combat fascism, racism and sexism. In the Fryslân Dok Jo hawwe gelyk De Jong says that every person has a dark side.
His own dark side comes to light in his bilingual novel En dat foar in kat (And that for a cat). He wrote that novel to process the fact that he abused a cat as a little boy. “In rotten territory,” he says himself.
Photographer: Haye Bylstra