Sprekende stenen is in projekt oer iensumens, dat ûnderdiel is fan it programma Over de drempel fan de gemeente Ljouwert. Dichter Sytse Jansma makket Sprekende stenen tusken septimber 2021 en maaie 2022 en presintearret it tidens Arcadia.

Hoe rûkt, klinkt en fielt iensumens? Sprekende stenen wol mei poëzij de iensumens sintúchlik en dêrtroch taastber meitsje. Fiif skriuwers sykje persoanlike ferhalen en ferwurkje se ta poëtyske teksten dy’t te hearren binne yn it drokke sintrum fan Ljouwert, want iensumens heart by de minske, it minske-wêzen.
Mei dyn mobiele tillefoan (qr-koade) rinst in rûte tusken in moetingsbankje en njoggen pratende stiennen. Yn dit poëzijprojekt ûntdekst yn ferskate talen de plakken yn ‘e stêd dêr’t de iensumens it meast skuorret. De dielnimmende auteurs binne: Remco Kuiper, Gemale Bofunda, Nicole van den Berg, Raymond Muller, Sytse Jansma.
Sprekende stenen wurdt makke yn gearwurking mei: Gemeente Ljouwert, Over de Drempel, Ljouwert UNESCO City of Literature, Humanitas Ljouwert en omjouwing en NHL Stenden Hogeschool.