Dichter Tsead Bruinja en muzikant Zea lûke yn 2022 troch Fryslân om yn wensoarchynstellings ferhalen fan âldere Friezen op te tekenjen. In prachtich projekt dat wy oernommen hawwe fan de Stichting Dichter des Vaderlands.

Tsead Bruinja wie yn 2019 en 2020 Dichter des Vaderlands. Yn jannewaris 2019 joech er in workshop oan trije âlderen yn Dokkum. Hy prate mei se oer frijheid, it tema fan de Poëzijwike fan dat jier. Tsead Bruinja hat de libbensferhalen dokumintearre en yn in dichtfoarm getten, wat bysûndere portretten fan de dielnimmers opsmiten hat.

Yn 2020 wurke er it projekt út foar alve soarchynstellingen yn Fryslân en folle syn team oan mei muzikant Zea (Arnold de Boer), fotografe Rosa van Ederen en in groep (jonge) dichters. It waard in prachtich partisipaasjeprojekt mei poëzy yn in ferbinende rol. In projekt wêryn’t de talinten fan de bewenners oan bar komme. Troch corona strâne it lykwols nei trije sesjes. Ljouwert City of Literature hat it projekt oernaam fan de Stichting Dichter des Vaderlands, sadat it dochs ôfmakke wurde kin.

Yn 2022 besykje Tsead, Zea, Rosa en kollega-dichters dochs noch de soarchynstellings. Sy sille wiidweidich mei bewenners yn petear en folgje it deiritme fan it hûs. Foar elke ynstelling kiest it soarchpersoniel fjouwer dielnimmers út, dêr’t it artistike team mei wurkje sil oan fjouwer persoanlike ‘portretten’. In selsportret troch de bewenners, omlist mei poëzy troch de dichters. It einresultaat wurdt hieltyd presintearre yn in feestlik programma en it stribjen is om úteinlik in twatalich boek te meitsjen.

Besjoch de fideo’s fan Tsead en Zea foar in yndruk fan Portretten yn Poëzy:

Mei stipe fan LIRA en it Prins Bernhard Cultuurfonds

This site is registered on wpml.org as a development site. Switch to a production site key to remove this banner.