hans ferkeard ynformeard
Door Tsead Bruinja
Dit gedicht wurdt live foardroegen op festival Dichter op de Deel
25 maaie, fan 14.00 uur ôf – Bolswarderweg 13, 8759 LA Eksmoarre
as hans dat wykein de krante net iepenslein hie
op ’e side mei it ferhaal oer de ien of twa prosint kâns
op oanhâldende pine oan ’e sek nei sterilisaasje
dan hie er de sjirurch net sa stoer útlein
dat er hiel krekt op ’e hichte wie fan alle risiko’s
de sjirurch hie syn pasjint net antwurde dat er him
minstens trije prosint te ryk rekkene hie
de skalpel wie nei de oerboadige ferdôving
net hûndert prosint steryl
werom it bakje ynkeild
hans wie mei de broek omheech
mar wat licht yn it ûnderstel net fruchtber
en firyl op hûs oangien
en it tredde bertekaartsje
hienen se net printe hoegd
Tsead Bruinja
Tsead Bruinja (Rinsumageast, 1974) is dichter en wennet yn Amsterdam. Yn 2019 en 2020 wie Bruinja de Nederlânske Dichter des Vaderlands. Bruinja stelt blomlêzingen gear, presintearret, ynterviewt en treedt op. Dêrneist wurket er gauris gear mei byldzjend keunstners, typografen en foarmjouwers. Fan 20212 ôf wurket Bruinja as dosint oan de oplieding Creative Writing yn Arnhem. Syn meast resinte wurk is de bondel Wat deed ik daar (Querido, 2024).
Foto: Rosa van Ederen