It mûske
Door Cornelis van der Wal
Komst yn parkeargaraazje Oldehove yn Ljouwert
dan fynst in fragmint op de flier fan de liften
Djip ferburgen yn de grot gûlt in bern,
de man mei it burd hat har gjin iten jûn.
Stil is no de frou dy’t leaf tsjin har flústere,
se stjonkt en út har mûle krûpt in krobbe.
Se wit noch hoe’t alles yn bloed feroare,
de swarte mannen har broerke ferbaarnden.
Moarns betiid trippelet wer de meagere mûs
op har ta: se bewarret altyd in kerrel rys.
Se hat de mûs de namme fan har broer jûn
en glimket efkes wylst se op it kopke klaut.
Cornelis van der Wal
Cornelis van der Wal (1956) is dichter, skriuwer en resinsint. Hy publisearre acht dichtbondels, in sammelbondel en in novelle. Foar syn debút In nêst jonge magneten krige er yn 1993 de Fedde Schurerpriis. Hy wennet yn Ljouwert en is einredakteur en webmaster by de digitale edysje fan it literêr tydskrift ensafh.