Fearpont Fimmie
Door Meindert Talma
Meindert Talma song dit liet op de pont De Snoekbaars tusken Grou en De Burd
Grou Aktief
De stress ferdwynt achter de hoarizon
at se de earste stap set op de fearpont.
Fredichheid mei de kosmos,
Fimmie goait har lange hier los.
Fimmie, Fimmie, fearpont Fimmie.
Fimmie, Fimmie, fearpont Fimmie.
De sinne op har gesicht.
Fimmie docht har eagen ticht
en waant har, hielendal net gek,
mei in pilske op it sinnedek.
Fimmie, Fimmie, eagen ticht Fimmie.
Fimmie, Fimmie, eagen ticht Fimmie.
Fimmy dy’t har bierke drinkt.
Trossen los, de skeepshoarn klinkt.
Hymjend begjint de fearboat
oan de sigesazzende oertocht.
Fimmie, Fimmie, fearboat Fimmie.
Fimmie, Fimmie, fearboat Fimmie.
It thúsfront efter je litte
en op de boat ek tagelyk ferjitte.
In gefoel fan: we gean echt fier fuort.
Mar dat gefoel duorret mar koart.
Fimmie, Fimmie, alles ferjitte Fimmie.
Fimmie, Fimmie, alles ferjitte Fimmie.
As de pont de kade rekket,
skrikt Fimmie ynienen wekker
út har fearboathallusinaasje
en krijt har libben wer de fertroude faasje.
Fimmie, Fimmie, fearpont Fimmie.
Fimmie, Fimmie, fearpont Fimmie.
Meindert Talma
Meindert Talma (1968) groeide op yn Surhústerfean en wennet yn Noordhorn. Hy manifestearre himsels, nei in stúdzje skiednis yn Grins, foaral as singer-songwriter. Fan 1999 ôf sit er by it renommearre platelabel Excelsior Recordings. Neist tweintich muzykalbums skrea er fiif autobiografyske romans, hieltyd beselskippe fan in album. Fierder ferskynde fan syn hân in dichtbondel en in libbensferhaleboek.
Begjin 2025 kaam Gezinsverbijstering út, diel trije fan syn roman-albumsyklus Nederlands Onbekendste Popster. Diel ien, Kelderkoorts, waard yn jannewaris 2025 troch muzyktydskrift OOR keazen as nûmer 10 yn de NL25: de bêste Nederlânske albums fan de iuw (oant safier).
Fotograaf: Henk Veenstra