Foarby alle klokken
Door Eeltsje Hettinga
De kaart leit by Bartolomeustsjerke Westhim en Doarpstsjerke Goiïngaryp
Dizze simmer is de 1e alle sneons iepen, de 2e alle dagen; op=op!
Stêden ta grús, ta stof,
ruters oer de loft
fjoer dat, fervjend de rivieren,
yn fonkjende kolommen
de himel yn dûkt.
De telefoan yn ’e hân
(dy’t ik net yn ’e hân haw)
bringt in lyts Babylon
oan hottefyljende
lûden en stimmen.
Yn de soele neimiddei
stap ik, happend
nei lucht, fierder
it smelle Brekkenpaad
ûnder Sânfird del.
By alle Johannesbylden
sykje ik koelte en
ferromming achter
reidkragen oan de mar,
lis de wrâld ôf en
lit my stadich-
wei it wetter ynglydzje,
hear ûnder de hoare fierte
foarby alle klokken
en oarloggen
ien amerij
it ljochte sjongen fan in frou.
Eeltsje Hettinga
Eeltsje Hettinga (Burchwert, 1955) is dichter, oersetter, pamflettist en skreau inkelde monografyen oer keunstners. Mids 2000 wie er de inisjator fan it literêre ynternettydskrift Kistwurk, in primeur yn de Fryske literêre wrâld. It blêd hat goed twa jier bestien. Nei it ferdwinen fan Kistwurk wie Hettinga digitaal aktyf op – respektivelik – it ienmanspoadium Erosmos, it literêre ynternettydskrift Go-gol, it bloch Goloch en in bloch ûnder syn eigen namme. Yn 2016 wie yn it Fries Museum en Museum Belvédère It Font te sjen, Frysktalige fideopoëzij, in unyk projekt yn gearwurking mei fideokeunster Lotte Middendorp. Foar syn gedichten krige Hettinga fjouwer kear in Rely Jorritsmapriis. Foar syn debút Akten fan winter krige hy de Fedde Schurerpriis. Eeltsje Hettinga wie de earste Dichter fan Fryslân (2017-2019). Lêst ferskynde publikaasje is Te pearde Te peerde (2023), in twatalige blomlêzing mei in ynliedend essay fan Elske Schotanus.
eeltsjehettinga.nl
Foto: Jacob van Essen