Het was in een pauze
Door Roelof Wijtsma
Dizze strip stiet yn LETTER, magazine by LC & FD op 4 july
Ek online, digitaal en los te krijen

Roelof Wijtsma
Roelof Wijtsma (Bombay, 1967) is stripmakker en yllustrator. Hy groeide op yn Sily en gong nei keunstakademy Minerva yn Grins. Wijtsma is auteur fan Doolhof van Eeden (Sherpa 2014), in symbolistyske graphic novel yn art nouveau-styl oer in weromreis nei it Paradys. Op it stuit wurket er oan De Dag der Kleine Dingen, in magysk-realistyske road comic, dy’t him ôfspilet tsjin de eftergrûn fan de Sileenske steatsgreep yn 1973. Dêrneist makket er (histoaryske) aventoerenstrips, fuotbalstrips, (digitale) skoalplaten en boekillustraasjes. Foar útjouwerij Regaad tekene er in Fryske stripferzje fan Jules Vernes Reis om de wereld in tachtig dagen; In wrâldreis yn 80 dagen (Regaad 2016).
roelofwijtsma.nl
Foto: Richard Iedema