Ik woe dat ik twa hûntsjes wie
Door Gabriëlle Terpstra
Dizze tekst kinst lêze yn literêr tydskrift Ensafh
Ik sil nei Ljouwert, jou myn hûnen in tút en slút gau de doar foardat ien nei bûten glûpt.
Bûten swaai ik se út.
Yn Ljouwert rin ik Douwe Dijkstra tsjin it liif yn de strjitte fan poadium Explore. Hy praat oer daten en oer terapy. Dêr haw ik sels ek de nedige ûnderfining mei en tink oan myn faak nuvere eksen.
Ik ha ris ien hân dy’t in speedferslaving hie. En ien dy’t no al jierren dakleas is. Mar tsjintwurdich is myn relaasje stabyl.
Sûnt foarige wike hawwe wy der sels in twadde hûn by; in leave, foarsichtige Russyske dame dy’t lústeret nei de namme Spock. Se hat swart hier, in wyt burd en wite wynbrauwen dy’t altyd nei ûnderen steane en har sa in tryste útdrukking jouwe.
Handich as jo om in koekje biddelje.
Neffens har opfangadres wie se earder te swier en hat se in sekuer beantsjedieet folge.
It fielt frjemd om no twa hûnen te hawwen, mar eins giet it fansels en hiel natuerlik. Snowy, myn earste hûn, makket extra romte foar Spock en wachtet netsjes op har beurt om oan de mige fan oare hûnen rûke te meien; de froulju diele in leafde foar de rook fan manlju mei geve ballen. In hûn fan in freon wie in dei by ús útfanhûs, hy waard troch de twa dames fuortendaliks achterneisitten en yn in hoeke fan de keamer dreaun. Gelokkich binne se beide sterilisearre.
Spock, in bulldog dy’t op dit stuit yn in hoeke fan it Explore poadium leit, liket op in eks fan my dy’t oan strongman-training docht. Hy rint wat nuver, in bytsje stiif. Syn frjemde spieren en dikke búk altyd bedutsen troch in griis himd en in spikerbroek. En hy hat in burd.
De bulldog springt fan syn plak en rint op deselde nuvere stive wize, ynklusyf dikke bûk, mar neaken, it Explore gebou út.
Ik hoopje dat er ûnderweis noch in soad mige rûke mei.
Gabriëlle Terpstra
Gabriëlle Terpstra (1990) skriuwt leafst yn it Frysk. Se komt út Frjentsjer, publisearre yn ferskillende Fryske tydskfriften en produsearret en presintearret tegearre mei Arjan Hut in poëtyske podcast. Nei’t Terpstra gedichten útbrocht yn bondels mei it kollektyf Pauper Poëzie publisearre se yn 2024 har earste eigen bondel Tsjintwurdich is alles better (Hispel).
Fotograaf: Joyce Schotsborg