notysje fan in sechstiger
Door Syds Wiersma
ik haw in hûs
mei hege ruten
dy’t út loft en sompe wei
tsjin de klimwetters stean
dêr swalkje flechten guozzen om
klaai hat de hûd ôfstrûpt
en briedt glysterich
in nije dream út
yn it leechste rút stiet in lyts wyt húske
njonken in luzeboskje beammen
op de slieperdyk
as de wyn wer ris oan it dwyljen is
en my meiskuorre wol
stjoer ik myn each nei dat húske ta
en begjin my in oar bestean
yn te byldzjen
noch tichter by see
en nûgje har dy’t ik sûnder in wurd
ferstie, en dochs waard ik dôf
en gie
Syds Wiersma
Syds Wiersma (Grou, 1963) is filmargivaris, dichter en oersetter. Hy hat fiif dichtbondels publisearre en ein 2024 ferskynde Fiere Wake, in boek mei Ierske reisferhalen en gedichten. As oersetter wurket er op ’t heden oan in bondel mei moderne Katalaanske poëzy oerset yn it Frysk. Hy treedt geregeld op mei poëzij en publisearret yn ferskate literêre tydskriften. Yn 2023 wie er de winner fan de earste Fryske Poëzij Slam. Wiersma is mei-oprjochter fan it Frysk Dichterskollektyf RIXT.