Tûkefreon
Door Lida Dykstra
Dit ferskynde as pet by Strandbieb Makkum
Helje’m dêr op, salang’t de foarried strekt!
Steatlike beam yn ’e slingertún
stuit-stuit-stuite in ripe kastanje
pardoes tsjin myn kabouterskuon.
Lyts skopke rôle him om en om
oant er glânzjend brúnread rûn
yn myn bûse ferdwûn.
Goed tsjin rimmetyk, sei heit.
Mar ast him yn dyn túntsje
tusken de rûchte bestoppest
komt er ta libben. O wûnder!
Leaf nij beamke, tûkefreontsje,
wêrom waardst no tikker tsjin it rút?
Hy moat der út, sei heit beret
en dolde in gat yn myn hert.
Buorman fûn skaad gaadlik,
dat ik wiuwde him nei oer de hage
en neamde him
stoarmboarter
hjerstkleurbetinker
wolkeklauwer
reinwetterdrinker
willejouwer
Mocht it of net, ik socht him op,
prate tsjin it antlit fan syn bast,
beseach begrutsjend de dowen
dy’t inkeld breklike nêsten bouden.
Ik lies yn syn lijte de jierren foarby
oant er reade triennen skriemde.
Batske bile sloech ûnmeilydsum
syn stamme en siel oan splinters.
As in strider makke er my op ’t lêst
mandélich oan syn fuortbestean.
Kastanjes foelen as heil út ’e loft
en ik bûgde, betanke, beloofde
en neamde him âlde trochsetter.
Lida Dykstra
Lida Dykstra (1961) skriuwt foaral berneboeken, yn it Frysk en yn it Nederlânsk. Neist printeboeken en boeken foar begjinnende lêzers skriuwt se ek foar âldere jeugd en folwoeksenen. By dy boeken lit se har graach ynspirearje troch keunstskiednis, har eardere fakgebiet. Se jout lêzingen, workshops en skriuwkursussen en is ek aktyf as oersetter. Regelmjittich wurket se yn opdracht. Sa hat se boeken skreaun foar ûnder oare it Fries Museum, it Marinemuseum en Stichting Kening fan ’e Greide. Yn 2004 wûn se de Simke Kloostermanpriis mei Mûske, myn famke, yn 2007 nochris mei Lederwyntsje. Yn 2023 waard har histoaryske jeugdroman Schaduw van Toet bekroand mei de Thea Beckmanprijs. Dykstra wie de earste Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân en waard yn 2022 beneamd ta lid fan de Fryske Akademy.
lidadijkstra.nl
Foto: Chris van Houts