Wolkenkunst
Door Suzanne Weterings
Cote Create tekene dizze tekst op in dyktrep oan it Waad
Sjoch marris op de trijesprong Sylsleane-Sedyk bij Roptasyl
Roze klodders.
Gele strepen.
Zwarte vegen
op een rij.
Kijk dan daar.
In de lucht.
Daar drijft
een schilderij.
Suzanne Weterings
Suzanne Weterings is gek op skriuwen en natuer. Se is ekolooch en berneboekeskriuwster. Mei har debútbondel Een krekel in mijn slaapzak by útjouwerij Querido (2021) ynspirearret se bern om mear en better te sjen nei planten en bisten om har hinne. Se nimt bern mei op ûntdekkingstocht troch de wûnders fan de natuer. Bûten is der altyd wat te sjen, hearren, rûken of priuwen. Een krekel in mijn slaapzak wie nominearre foar de Gouden Poëziemedaille 2022 en wie tematitel foar de Berneboekewike 2022. Yn april 2024 is Zomersneeuw, har twadde bondel mei fersen ferskynd by Querido, ek oer de natuer. Yn novimber fan datselde jier is har printeboek Joes de poes by útjouwerij Gottmer útkaam. It boek giet oer de leafde fan in bern foar har poes. Joes bliuwt de leafste poes, ek al is er somtiden ûndogens. Foar útjouwerij Zwijsen hat Suzanne Weterings teksten skreaun foar lesboekjes, wêrûnder de bondel Ik pluk de hele wereld leeg.