{"id":3398,"date":"2021-07-04T20:07:37","date_gmt":"2021-07-04T20:07:37","guid":{"rendered":"http:\/\/leeuwardencityofliterature-staging.netlify.appproject\/magazine-letter\/artikel-van-wie-is-het-landschap\/"},"modified":"2021-08-04T09:55:53","modified_gmt":"2021-08-04T09:55:53","slug":"artikel-van-wie-is-het-landschap","status":"publish","type":"project","link":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.bwhsite.nl\/fy\/project\/magazine-letter\/artikel-van-wie-is-het-landschap\/","title":{"rendered":"Fan wa is it l\u00e2nskip?"},"content":{"rendered":"\n<p>Tusken 1950 en 2020 krige Nederl\u00e2n sa\u2019n 7 miljoen ynwenners derby. L\u00e2nbougr\u00fbn waard hieltyd yntinsiver br\u00fbkt, rekreaasje en it oantal wenningen en wegen namen foars ta, wylst de biodiversiteit him yn de omkearde beweging \u00fbntwikkele. It uterlik fan Frysl\u00e2n feroare drastysk en greidef\u00fbgels binne museumstikken wurden. Dat moat oars, mar fan wa is it l\u00e2nskip eins?<\/p>\n\n\n\n<p><em>Tekst: Tialda Hoogeveen | Akwarel: Christiaan Kuitwaard<\/em><\/p>\n\n\n\n<p>S\u00fbnt de PvdA-man Sicco Mansholt yn de desennia nei de Twadde Wr\u00e2ldoarlochminister fan L\u00e2nbou wie, is it l\u00e2nskip botferoare. Mansholt sette yn op groei en grutskalichheid, kwantiteit waard liedend yn de l\u00e2nbou. It gefolch is net allinnich ekonomyskegroei, mar ek ekologyske krimp. Wa\u2019t him beweecht oer it plattel\u00e2n, sjocht in yndustrieel gersl\u00e2nskip, earm oan bisten en planten. It ropt langstme op nei de soundtrack fan myn bernetiid, doe\u2019t de maitiid in barok orkest fan kikkerts, skriezen, ljippen en ljurken wie. Opgroeid yn de jierren \u201970 tusken de greiden, sit dit sint\u00fachlike yn my opslein. It is myn anker nei dat seizoen en it is in \u00fbnwennich gemis om it net te hearren.<\/p>\n\n\n\n<p>Hoewol\u2019t de ruilferkaveling yn myn bernetiid al in hiel ein op streek wie, is it boerel\u00e2n s\u00fbnt dy tiid noch fierder dramatysk feroare. Dy feroaring beg\u00fbn yn de jierren \u201970 doe\u2019t ruilferkaveling stipe waard troch de oerheid en in iuwen\u00e2ld kultuerl\u00e2nskip fan lytse lapkes blomrike greiden mei greppels, kronkeljende sleatsjes en polderdykjes transformearre waard ta in dek\u00f4r fan grutte boerebedriuwen dy\u2019t sa effisjint mooglik harren l\u00e2n bewurkje om in sa grut mooglike opbringst te krijen. De skaalfergrutting hat soarge foar in ymposante transformaasje fan it uterlik fan de provinsje. L\u00e2ndykjes en sleatten waarden rjochtlutsen of ferlein. Neist de polderdykjes binne de hagen, houtw\u00e2len en rigen beammen en oare \u00f4fskiedingen tusken de perselen \u2018opromme\u2019. Losse snippers waarden omfoarme nei langwerpige lappen gers. Frysl\u00e2n waard rjochtlinich, it l\u00e2nskip feroare fan in kleurich reli\u00ebfrike lapketekken yn in abstrakt skilderij mei strakke, geometryske flakken. De hege silo\u2019s en grutte lisboksst\u00e2len \u00fbnderbrekke it \u00fatsicht nei de hoarizon en hawwe Frysl\u00e2n \u00fbntdien fan har karakteristike \u2018weidsheid\u2019. \u2018De Flevolandisering van Friesland\u2019, neamt sosjaal geograaf Dolph Kessler dat hiel treffend.<\/p>\n\n\n\n<p>Dat de yntinsivearring grutte druk leit op de natuer, is net in nij ynsicht. Al healwei de njoggentjinde iuw krige de \u00fatfiner fan de keunstdong Justus von Liebig spyt fan syn \u00fbntdekking. It oermjittich gebr\u00fbk fan keunstdong seach hy as gefaar foar in s\u00fbn boaiemlibben. As antwurd d\u00earop skreau hy yn 1861 it boek <em>De zoektocht naar de kringlooplandbouw<\/em>, in term dy\u2019t tige aktueel is s\u00fbnt demisjon\u00ear minister fan LNV de l\u00e2nbou op dy wize ferduorsumje wol. <br><\/p>\n\n\n\n<p>Rom h\u00fbndert jier nei Von Liebig skreau De Club van Rome it rapport <em>De grenzen aan de groei<\/em>, w\u00earyn\u2019t it ferb\u00e2n lein waard tusken ekonomyske groei en de gefolgen d\u00earfan foar it miljeu. Von Liebig en Mansholt krigen spyt fan de gefolgen foar natuer en miljeu dy\u2019t harren wurk mei him meibrocht. <\/p>\n\n\n\n<p>As wy earder l\u00fastere hiene nei harren of nei de Club van Rome, dan hiene wy no net sa wraksele mei CO2- en stikstoffraachstikken en wie der net sa ferskriklik folle ferlern gien. Mar it ferline kinne je net weromdraaie, wol kinne wy foarkomme dat wy spyt krije. Spyt fan \u00fbnomkearbere saken, lykas it \u00fatstjerren fan organismen. Fuort is fuort. Foar altyd.<\/p>\n\n\n\n<p>Fan wa is it l\u00e2nskip eins? As it \u00fatgongspunt is dat elk organisme lykweardich is en dat de ierde in fijn plak w\u00eaze moat foar alle planten, skimmels en bisten (w\u00ear\u00fbnder de mins), dan is it antwurd helder: dat is fan \u00fas allegearre, en net allinnich fan dejinge dy\u2019t it kadastraal yn eigendom hat. It jout in nije fisy op de ferneamde of wa wit ferearme term \u2018mienskip\u2019. <br><br>En d\u00ear\u2019t doarpen en st\u00eaden harren uterlik beskermje mei de titels \u2018beschermd dorpsgezicht\u2019 en \u2018beschermd stadsgezicht\u2019, w\u00earyn\u2019t de sloop fan histoaryske pannen ferbean wurdt, krekt as bygelyks heechbou, sa soe it Fryske l\u00e2nskip it predikaat \u2018beschermd landschapsgezicht\u2019 krije moatte. Mei as eask romte foar in ryk ferskaat oan planten, skimmels en bisten. <br><br>It doel \u2018de heechst mooglike opbringst helje \u00fat it l\u00e2n\u2019 soe \u00fat dat perspektyf wei oars besjoen wurde. Inkeld fan de gongbere boer \u00fat sjoen, giet it om jild: hoe krij ik safolle mooglik molke fan in ko. Mar wat no as wy ris in oar perspektyf kieze, dat fan de ko sels bygelyks. Of dat fan de fytser, de wjirm of s\u00fbnens. Dan soe it antwurd op de fraach oer de heechst mooglike opbringst hiel oars w\u00eaze, nammentlik in oaze mei greidef\u00fbgels en de hiele ekology d\u00earomhinne yn in fochtich feangreidegebiet \u2012 dat net fierder ynklinkt en CO2 frijjout \u2012 as rike belibbing foar de foarbygonger.<\/p>\n\n\n\n<p>Polderdykjes, kronkelsleatsjes, lapketekken: it l\u00e2nskip kin noait wer de foarm oannimme fan eartiids. Mar it moaie is dat de inkelde boer dy\u2019t it oars docht, syn l\u00e2n foar in part \u00fbnder wetter set en biologysk begjint te buorkjen, fuortendaliks de greidef\u00fbgels werom kriget op syn of har l\u00e2n. In protte boeren wolle graach oars wurkje en net langer slaaf w\u00eaze fan bank, supermerk en feefoerfabryk. As ik ien ding leard haw fan it skriuwen fan <em>De geur van hooi<\/em> is it dat boeren hiel goed yn steat binne ta beweging, \u00fbntwikkeling en feroaring. Sterker noch, se dogge al hast 80 jier net oars. <\/p>\n\n\n\n<p>Mar jou har in oare rjochting. Net langer de rjochting fan it mantra ekonomyske groei, mar in \u00f4fslach nei in ekstinsivere manier fan l\u00e2nbou. Dat moat slagje kinne mei stipe fan de oerheid, want dyselde oerheid hat ommers \u00f4fspraken makke op de VN-klimaattop yn Parys foar in klimaatakkoard. Jou boeren d\u00earby wissichheid foar in langere termyn, mei in grien belied foar tritich jier om mei te begjinnen, sadat se ynvestearringen dwaan kinne en doare yn in duorsume rjochting. Net \u00fat nostalgy, mar mei fisy op de lange termyn nei in s\u00fbne takomst d\u00ear\u2019t buorkjen goed en fijn is foar de natuer, de ko, de boer, de ekonomy \u00e9n it l\u00e2nskip.<\/p>\n\n\n\n<p><em>Tialda Hoogeveen (1974) is skriuwer fan non-fiksje (jeugd)boeken, gedichten en ferhalen. Yn 2020 skreau se it popul\u00eare non-fiksje boek \u2018De geur van hooi\u2019 en har earste Fryske \u2018young adult\u2019-boek \u2018Wurden fan Timo\u2019 (yn it ramt fan l\u00easbefoarderingsprojekt L\u00easNo). Tialda is op it stuit \u00fb.o. einredakteur fan tydskrift \u2018de Moanne\u2019.<\/em><\/p>\n\n\n\n<div class=\"wp-block-media-text alignwide is-stacked-on-mobile\"><figure class=\"wp-block-media-text__media\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" width=\"752\" height=\"962\" src=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2021\/07\/Schermafbeelding-2021-07-04-om-22.05.41.png\" alt=\"\" class=\"wp-image-3395\" srcset=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.bwhsite.nl\/wp-content\/uploads\/2021\/07\/Schermafbeelding-2021-07-04-om-22.05.41.png 752w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.bwhsite.nl\/wp-content\/uploads\/2021\/07\/Schermafbeelding-2021-07-04-om-22.05.41-469x600.png 469w\" sizes=\"auto, (max-width: 752px) 100vw, 752px\" \/><\/figure><div class=\"wp-block-media-text__content\">\n<p style=\"font-size:15px\"><em>Christiaan Kuitwaard (1965) wennet en wurket yn Aldeberkeap. Hy folge de keunstakademy yn Grins en Kampen. Yn syn skilderijen, tekeningen en akwarellen \u00fbndersiket er benammen de wurking fan ljocht en skaden. Syn wurk is po\u00ebtysk en tiidleas. Yn 2020 makke er mei dichter Jan Kleefstra it boek &#8216;Veldwerk. Over het verdwijnen van de biodiversiteit in de Friese natuur\u2019.<\/em><\/p>\n<\/div><\/div>\n","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>Tusken 1950 en 2020 krige Nederl\u00e2n sa\u2019n 7 miljoen ynwenners derby. L\u00e2nbougr\u00fbn waard hieltyd yntinsiver br\u00fbkt, rekreaasje en it oantal wenningen en wegen namen foars ta, wylst de biodiversiteit him yn de omkearde beweging \u00fbntwikkele. It uterlik fan Frysl\u00e2n feroare drastysk en greidef\u00fbgels binne museumstikken wurden. Dat moat oars, mar fan wa is it l\u00e2nskip [&hellip;]<\/p>\n","protected":false},"featured_media":3394,"parent":3382,"menu_order":55,"template":"","project_type":[],"class_list":["post-3398","project","type-project","status-publish","has-post-thumbnail","hentry"],"acf":[],"yoast_head":"<!-- This site is optimized with the Yoast SEO plugin v27.4 - https:\/\/yoast.com\/product\/yoast-seo-wordpress\/ -->\n<title>Fan wa is it l\u00e2nskip? - Leeuwarden City of Literature<\/title>\n<meta name=\"robots\" content=\"noindex, follow, max-snippet:-1, max-image-preview:large, max-video-preview:-1\" \/>\n<meta property=\"og:locale\" content=\"nl_NL\" \/>\n<meta property=\"og:type\" content=\"article\" \/>\n<meta property=\"og:title\" content=\"Fan wa is it l\u00e2nskip? - Leeuwarden City of Literature\" \/>\n<meta property=\"og:description\" content=\"Tusken 1950 en 2020 krige Nederl\u00e2n sa\u2019n 7 miljoen ynwenners derby. L\u00e2nbougr\u00fbn waard hieltyd yntinsiver br\u00fbkt, rekreaasje en it oantal wenningen en wegen namen foars ta, wylst de biodiversiteit him yn de omkearde beweging \u00fbntwikkele. It uterlik fan Frysl\u00e2n feroare drastysk en greidef\u00fbgels binne museumstikken wurden. Dat moat oars, mar fan wa is it l\u00e2nskip [&hellip;]\" \/>\n<meta property=\"og:url\" content=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.bwhsite.nl\/project\/magazine-letter\/artikel-van-wie-is-het-landschap\/\" \/>\n<meta property=\"og:site_name\" content=\"Leeuwarden City of Literature\" \/>\n<meta property=\"article:modified_time\" content=\"2021-08-04T09:55:53+00:00\" \/>\n<meta property=\"og:image\" content=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.bwhsite.nl\/wp-content\/uploads\/2021\/07\/Schermafbeelding-2021-07-04-om-22.05.32.png\" \/>\n\t<meta property=\"og:image:width\" content=\"752\" \/>\n\t<meta property=\"og:image:height\" content=\"342\" \/>\n\t<meta property=\"og:image:type\" content=\"image\/png\" \/>\n<meta name=\"twitter:card\" content=\"summary_large_image\" \/>\n<meta name=\"twitter:label1\" content=\"Est. reading time\" \/>\n\t<meta name=\"twitter:data1\" content=\"6 minutes\" \/>\n<script type=\"application\/ld+json\" class=\"yoast-schema-graph\">{\"@context\":\"https:\\\/\\\/schema.org\",\"@graph\":[{\"@type\":\"WebPage\",\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.bwhsite.nl\\\/project\\\/magazine-letter\\\/artikel-van-wie-is-het-landschap\\\/\",\"url\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.bwhsite.nl\\\/project\\\/magazine-letter\\\/artikel-van-wie-is-het-landschap\\\/\",\"name\":\"Fan wa is it l\u00e2nskip? - Leeuwarden City of Literature\",\"isPartOf\":{\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.bwhsite.nl\\\/#website\"},\"primaryImageOfPage\":{\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.bwhsite.nl\\\/project\\\/magazine-letter\\\/artikel-van-wie-is-het-landschap\\\/#primaryimage\"},\"image\":{\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.bwhsite.nl\\\/project\\\/magazine-letter\\\/artikel-van-wie-is-het-landschap\\\/#primaryimage\"},\"thumbnailUrl\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.bwhsite.nl\\\/wp-content\\\/uploads\\\/2021\\\/07\\\/Schermafbeelding-2021-07-04-om-22.05.32.png\",\"datePublished\":\"2021-07-04T20:07:37+00:00\",\"dateModified\":\"2021-08-04T09:55:53+00:00\",\"breadcrumb\":{\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.bwhsite.nl\\\/project\\\/magazine-letter\\\/artikel-van-wie-is-het-landschap\\\/#breadcrumb\"},\"inLanguage\":\"nl-FY\",\"potentialAction\":[{\"@type\":\"ReadAction\",\"target\":[\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.bwhsite.nl\\\/project\\\/magazine-letter\\\/artikel-van-wie-is-het-landschap\\\/\"]}]},{\"@type\":\"ImageObject\",\"inLanguage\":\"nl-FY\",\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.bwhsite.nl\\\/project\\\/magazine-letter\\\/artikel-van-wie-is-het-landschap\\\/#primaryimage\",\"url\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.bwhsite.nl\\\/wp-content\\\/uploads\\\/2021\\\/07\\\/Schermafbeelding-2021-07-04-om-22.05.32.png\",\"contentUrl\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.bwhsite.nl\\\/wp-content\\\/uploads\\\/2021\\\/07\\\/Schermafbeelding-2021-07-04-om-22.05.32.png\",\"width\":752,\"height\":342},{\"@type\":\"BreadcrumbList\",\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.bwhsite.nl\\\/project\\\/magazine-letter\\\/artikel-van-wie-is-het-landschap\\\/#breadcrumb\",\"itemListElement\":[{\"@type\":\"ListItem\",\"position\":1,\"name\":\"Home\",\"item\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.bwhsite.nl\\\/\"},{\"@type\":\"ListItem\",\"position\":2,\"name\":\"Projecten\",\"item\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.bwhsite.nl\\\/project\\\/\"},{\"@type\":\"ListItem\",\"position\":3,\"name\":\"Magazine LETTER\",\"item\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.bwhsite.nl\\\/project\\\/magazine-letter\\\/\"},{\"@type\":\"ListItem\",\"position\":4,\"name\":\"Fan wa is it l\u00e2nskip?\"}]},{\"@type\":\"WebSite\",\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.bwhsite.nl\\\/#website\",\"url\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.bwhsite.nl\\\/\",\"name\":\"Leeuwarden City of Literature\",\"description\":\"\",\"potentialAction\":[{\"@type\":\"SearchAction\",\"target\":{\"@type\":\"EntryPoint\",\"urlTemplate\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.bwhsite.nl\\\/?s={search_term_string}\"},\"query-input\":{\"@type\":\"PropertyValueSpecification\",\"valueRequired\":true,\"valueName\":\"search_term_string\"}}],\"inLanguage\":\"nl-FY\"}]}<\/script>\n<!-- \/ Yoast SEO plugin. -->","yoast_head_json":{"title":"Fan wa is it l\u00e2nskip? - Leeuwarden City of Literature","robots":{"index":"noindex","follow":"follow","max-snippet":"max-snippet:-1","max-image-preview":"max-image-preview:large","max-video-preview":"max-video-preview:-1"},"og_locale":"nl_NL","og_type":"article","og_title":"Fan wa is it l\u00e2nskip? - Leeuwarden City of Literature","og_description":"Tusken 1950 en 2020 krige Nederl\u00e2n sa\u2019n 7 miljoen ynwenners derby. L\u00e2nbougr\u00fbn waard hieltyd yntinsiver br\u00fbkt, rekreaasje en it oantal wenningen en wegen namen foars ta, wylst de biodiversiteit him yn de omkearde beweging \u00fbntwikkele. It uterlik fan Frysl\u00e2n feroare drastysk en greidef\u00fbgels binne museumstikken wurden. Dat moat oars, mar fan wa is it l\u00e2nskip [&hellip;]","og_url":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.bwhsite.nl\/project\/magazine-letter\/artikel-van-wie-is-het-landschap\/","og_site_name":"Leeuwarden City of Literature","article_modified_time":"2021-08-04T09:55:53+00:00","og_image":[{"width":752,"height":342,"url":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.bwhsite.nl\/wp-content\/uploads\/2021\/07\/Schermafbeelding-2021-07-04-om-22.05.32.png","type":"image\/png"}],"twitter_card":"summary_large_image","twitter_misc":{"Est. reading time":"6 minutes"},"schema":{"@context":"https:\/\/schema.org","@graph":[{"@type":"WebPage","@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.bwhsite.nl\/project\/magazine-letter\/artikel-van-wie-is-het-landschap\/","url":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.bwhsite.nl\/project\/magazine-letter\/artikel-van-wie-is-het-landschap\/","name":"Fan wa is it l\u00e2nskip? - Leeuwarden City of Literature","isPartOf":{"@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.bwhsite.nl\/#website"},"primaryImageOfPage":{"@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.bwhsite.nl\/project\/magazine-letter\/artikel-van-wie-is-het-landschap\/#primaryimage"},"image":{"@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.bwhsite.nl\/project\/magazine-letter\/artikel-van-wie-is-het-landschap\/#primaryimage"},"thumbnailUrl":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.bwhsite.nl\/wp-content\/uploads\/2021\/07\/Schermafbeelding-2021-07-04-om-22.05.32.png","datePublished":"2021-07-04T20:07:37+00:00","dateModified":"2021-08-04T09:55:53+00:00","breadcrumb":{"@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.bwhsite.nl\/project\/magazine-letter\/artikel-van-wie-is-het-landschap\/#breadcrumb"},"inLanguage":"nl-FY","potentialAction":[{"@type":"ReadAction","target":["https:\/\/leeuwardencityofliterature.bwhsite.nl\/project\/magazine-letter\/artikel-van-wie-is-het-landschap\/"]}]},{"@type":"ImageObject","inLanguage":"nl-FY","@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.bwhsite.nl\/project\/magazine-letter\/artikel-van-wie-is-het-landschap\/#primaryimage","url":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.bwhsite.nl\/wp-content\/uploads\/2021\/07\/Schermafbeelding-2021-07-04-om-22.05.32.png","contentUrl":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.bwhsite.nl\/wp-content\/uploads\/2021\/07\/Schermafbeelding-2021-07-04-om-22.05.32.png","width":752,"height":342},{"@type":"BreadcrumbList","@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.bwhsite.nl\/project\/magazine-letter\/artikel-van-wie-is-het-landschap\/#breadcrumb","itemListElement":[{"@type":"ListItem","position":1,"name":"Home","item":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.bwhsite.nl\/"},{"@type":"ListItem","position":2,"name":"Projecten","item":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.bwhsite.nl\/project\/"},{"@type":"ListItem","position":3,"name":"Magazine LETTER","item":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.bwhsite.nl\/project\/magazine-letter\/"},{"@type":"ListItem","position":4,"name":"Fan wa is it l\u00e2nskip?"}]},{"@type":"WebSite","@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.bwhsite.nl\/#website","url":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.bwhsite.nl\/","name":"Leeuwarden City of Literature","description":"","potentialAction":[{"@type":"SearchAction","target":{"@type":"EntryPoint","urlTemplate":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.bwhsite.nl\/?s={search_term_string}"},"query-input":{"@type":"PropertyValueSpecification","valueRequired":true,"valueName":"search_term_string"}}],"inLanguage":"nl-FY"}]}},"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.bwhsite.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/project\/3398","targetHints":{"allow":["GET"]}}],"collection":[{"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.bwhsite.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/project"}],"about":[{"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.bwhsite.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/types\/project"}],"version-history":[{"count":0,"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.bwhsite.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/project\/3398\/revisions"}],"up":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.bwhsite.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/project\/3382"}],"wp:featuredmedia":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.bwhsite.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/media\/3394"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.bwhsite.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/media?parent=3398"}],"wp:term":[{"taxonomy":"project_type","embeddable":true,"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.bwhsite.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/project_type?post=3398"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}