De niermeridiaan
Door Sytse Jansma
Falderie faldera. Ik bin benijd. Mei in strakke legging oan en in stoffen taske om it skouder gie menear Blom op syn foufytske troch it stadige miggeljen fan ’e hjerstjûn. Mei koarte hastige trapen besocht er sa drûch mooglik oan te kommen. It fytske kreake en rattele behoarlik. Hiel oars as doe’t er ’m kocht hie, fia Marktplaats. De fearren fan it seal jammeren der oer. It ketting kreake fan de rust, dy’t yn it hok syn gong gean koe. En de stander skraste sa no en dan oer de klinkerts. Wêr bin ik eins benijd nei? Oft dy wale fan spirituele faachheid my net tsjinstean sil? Oft dy kundalini-wiisheden oer sjakra’s en aura’s net dwersferkeard op my wurkje sille? Of gewoan … oft ik der wat oan hawwe sil?
Foarby de biologyske grientesaak sette menear Blom syn lytse rusthoars tsjin ’e muorre. By de yngong stienen twa froulju ûnder it ôfdakje te smoken. Swiere sjek … en as ik my net fersin: Javaanse Jongens, soks ferjitst net sa gau, rezineswiete brânlucht, mei it fuotbalteam yn in Opel Manta, tennisbal op ’e lûkheak, bongeljende dobbelstiennen, soer swit, Iron Maiden derfoar, Run to the hills, jierren njoggentich trainingspakken, ferhalen oer hoefolle pk’s en geile kutsjes. Lokkich wie ik. Wie ik lokkich? Kinst ek op yoga sitte en lokkich wêze? Kinst ek smoke en op yoga sitte?
– Goeie froulju. Noch gau even ien foardat de les begjint?
Se hienen beide krekt in hys nommen en lieten de smook even goed oer de longen gean. Foardat se wat weromsizze koenen, hie menear Blom himsels al troch de doar moffele en stie er yn in lyts haltsje. Hy socht om in kapstok, mar it iennichste wat er fine koe, wie in bjirkehouten planke oan ’e muorre, mei skuon derop. Hy liet syn eagen mei oandacht oer it ferskaat fan it fuotteguod gean. Der siet gjin pear skuon by dêr’t er him bot oer fernuverje koe. Undertusken kamen de beide smookfroulju binnen. Se lutsen harren skuon út en skoden dy kreas by alle oaren. No pas seach er dat de iene in felrôze legging oan hie en de oare in blauwen.
– Wat leuk sis, in man! Dat sil Ate moai fine.
Menear Blom wist even net hoe’t er reagearje moast en besleat der fierder net op yn te gean. Rôs en Blau, as binne se krekt út in clip út de jierren tachtich weistapt … Blau en Rôs, Blûn en Brún, duo Dolly Dots. Stadich toffelen se rjochting it lûd fan fûgeltsjes en panfluiten. Doe’t menear Blom yn it doarsgat stie, bleau er stean. Njoggen froulju en yndie in keardel. Allegear makken se harren klear om as boeddha’s op kleurrike easterske kleedsjes harren del te jaan.
– Jo binne menear Blom?
– Ja kloppet.
– Goeie. Ik bin Dieuwke. Wolkom, of namasté, sizze we hjir.
– Tankewol.
Oan it begjin fan ’e wike hienen se meielkoar belle. Menear Blom woe eins earst even freegje nei de mooglikheden, mar nei in pear minuten praten wie er al om. Hy hie him noch ôffrege oft dat kaam troch de sjarmes fan Dieuwke of dat er foar himsels echt de needsaak fielde.
– Kies mar in plakje út. Hjir lizze de matten, dêr de bolsters en kessens.
Menear Blom pakte syn strânlekken út it taske en sloech it út oer syn yogamatte, tsjinoer Rôs. Och heden. Moatst ris hearre Blom … Sa moai! It skolperjen fan iiskâld berchwetter lâns de matten. Streekrjocht út ’e Himalaya’s wei! Meänderjend lâns ynlânske doarpkes. Hear ik no toekans? Nee, ara’s! Ja, dit is it tropyske gerop fan ara’s. Dieuwke sette de muzyk mei har mobyl wat sêfter.
– Moai. We binne kompleet. Namasté allegear. Ik ha foar hjoed in les makke foar de heupen en de skonken. At we spanningen hawwe, dan slaan we dy op yn it liif. Stress en spanningen wurde faak opslein om de heupen hinne. Dêr giet de niermeridiaan lâns. Dy begjint ûnder de foet, rint dan omheech nei de binnenkant fan it ankel, fia de ûnderskonk nei de knibbel, it bil, dûkt dan yn ’e ljisk nei de geslachtsorganen, omheech fia de nâle, oer it boarst nei de skouderbonke, dêr’t er de djipte yn dûkt nei de kiel en dan nei de earen. Nierenerzjy hat in soad ynfloed op de minske, benammen op de psychyske kant.
Menear Blom folge hoe’t Dieuwke mei de hân oer it liif struts. Nieren? Dy brune beantsjes boppe de blaas? Dy kidneys? Dy lytse Nicole Kidneys? Dy miichdialisearjende spûnskes?
– Meist wol op ’e rêch lizzen gean. Fiel de hiele ûnderkant fan it liif. Azemje mar ris djip troch de noas yn en troch de mûle út.
Sadree’t menear Blom lei en de eagen ticht hie, besocht er de rûte fan de niermeridiaan ris rêstich foar himsels bydel te gean. Ankel, kût … meridianen … Dat binne dochs ûnsichtbere enerzjybanen? Sa’n lange Jangtsekiang lâns de wichtige akupunktuerdoarpkes fan it liif! En dat wetter moat wol streamen bliuwe fansels. Want oars … tsja wat oars?
– Dan komme we no wat yn beweging. We begjinne mei de ankels.
Dieuwke stuts har pearse leggingskonken yn ’e loft en draaide mei de ankels stadige rûntsjes, as makke se yn ’e loft in tekening fan mem ierde. Rôs hie it der mar dreech mei. Se krige de skonken amper omheech. Hat se no sokken oan mei tompoezen derop? Soe se de rôze legging dêr op útkeazen hawwe? Of oarsom? Twa tompoezen, twa miaukjende stikjes boarregebak, twa leggingskonken fan glazuer, twa blêddaaikoekjes mei rjemme dertusken …
– Bring de oandacht nei binnen ta. Besykje te fielen sûnder oardiel.
Menear Blom die syn bêst om it Sineeske lânskip, de kleur fan smooklongen, it
gebakassortimint fan de Hema en de nammen fan Hollywoodaktrises út de jierren tachtich los te litten. Hy wist dat er it wol koe: fokusse. Dêr wie er troch de jierren hinne yn alle gefallen wol better yn wurden. Mar de sensuele, sêfte stim fan Dieuwke yn kombinaasje mei de fûgeltsjes, panfluiten en berchbeekjes fielden as frege de holle om in tsjinreaksje. Net út dwersens, mar gewoan dat it wer yn balâns is. Sêft en rûch, woartel en frikandel, yin en yang.
– Dan meist no de knibbels nei it boarst ta lûke. En mei de hannen de fuotten beetpakke en de knibbels nei bûten ta bringe. Dit neame we ek wol de ‘butterfly’. Hoe fielt it? Meist wol rek fiele, mar gjin pine. Ast it lestich fynst, meist ek even in kessentsje ûnder dyn kont dwaan.
Menear Blom hie de eagen ticht, mar woe eins dochs even sjen hoe’t de oaren dizze oefening útfierden. Flinters, mei knibbelwjukken dus. Och heden, dêr hawwe we de rôze Fjoerflinter! En dêr de pearse Parlemoerflinter. En de blauwe … eh Beamblautsje! En de swarte … Atalanta!
– De ljisken binne tige wichtich om de enerzjy troch de niermeridiaan goed streame te litten. Lit se dêrom mar even goed oprekke.
Menear Blom kipere oer de bûk, tusken syn wapperjende wjukskonken troch nei de oare kant, streekrjocht yn de broeierige flintertún fan Rôs. De fonkeljende waksinekearskes yn it finsterbank makken it plaatsje foar menear Blom hielendal kompleet. It wie as iepenbiere him foar syn eagen in mearke út Tûzen-en-ien-nacht. Sjoch dêr, yn it waarme ljocht fan ’e jûnsinne! In karavaan fan kamielen dy’t stadich troch de rôze woestyn swalkje. En oan de hoarizon: palmbeammen, wurch fan it wiuwen! En dêr, bedoeïnedoarpkes dêr’t de toarst fan ’e dei ferslein wurdt mei it sloarpjen fan hearlike kopkes oolong tee. Dit is gjin fata morgana, Blom! Dit is echt.
– Azemje mar wer even goed yn troch de noas en út troch de mûle. Untspan ek de mûle … de kaken … en de tonge. De holle wurdt yn de Sineeske genêskunde ek wol sjoen as it sammelplak fan alle yangmeridianen. It is it magazyn fan ’e geast.
Sjoch hoe’t har Jangtsekiang troch de rôze yin-fallei streamt! Sil ik oars as Sinbad de seeman dêr trochhinne farre? Woesj, woesj. Troch de stille bedelte fan har ljisken? Woesj. Troch har inerlik Azië!
– By elke kear ast ynazemest, kantelest it bekken omheech, en by it útazemjen wer nei ûnderen.
Lit mar los, dy swiere sjek! Lit my as Ali Baba de rôze rêst út dyn pjiskebosk rôvje! Lit myn kaken koese ta in sereen smyksmakjend bubblegumlân! Lit my as de spuitrjemme fan dyn tompoezen, as it glei fan dyn kamielebûter, lâns dyn krêm-de-la-krêm skonken! Swypkje dyn meridianen om my hinne …
– It kin wêze dat dyn gedachten eefkes ôfdwale. Dat jout neat. Dat is hiel gewoan. Besykje dan gewoan dyn oandacht werom te bringen nei it sykheljen, nei it liif.
Menear Blom skrok. Wat hie Dieuwke sjoen? Foarsichtich sjocht er tusken de teisters troch nei har gesicht. Dat like noch altyd ûnferweechlik kalm. Doe stoarre er nei de fonkeljende waksinekearskes yn it finsterbank. Bûten storeinde it noch hieltyd. De drippen sipelen by it rút del as streamkes swit fan in hite holle.
Sytse Jansma
Sytse Jansma (1980) woont in Harlingen en is een tweetalig dichter (Fries/Nederlands) en beeldend kunstenaar. In januari 2024 kwam zijn eerste Nederlandstalige dichtbundel Rozige maanvissen uit bij uitgeverij Atlas Contact. Deze werd bekroond met de C. Buddingh’-prijs, voor het beste Nederlandstalige debuut van 2024, en was genomineerd voor de Herman de Coninckprijs 2025. Eerder publiceerde Jansma twee dichtbundels, waarvan een in het Fries en een in twee talen. Met zijn poëzie zoekt hij vaak cross-overs met andere kunstvormen: muziek, theater en beeldende kunst. Hij heeft op meerdere (internationale) literatuurfestivals opgetreden.
Momenteel heeft hij samen met twee musici van Noorderwind Muziekproducties, Fabian Jansen (regie) en Afke Manshanden (scenografie) een voorstelling gemaakt met gedichten uit Rozige maanvissen.
Fotograaf: Fjodor Buis