Ferrizenis
Door Jilt Jorritsma
De schrijver leest voor en gaat in gesprek in Het Tripgemaal
Cultureel podium Het Tripgemaal, Gersloot
Yn de santjinde en achttjinde iuw fûnen hûnderten Nederlânske walfiskfarders op Spitsbergen harren lêste rêstplak. Yn tsjinstelling ta de Ingelske walfiskfarders, dy’t faak in seemansgrêf krigen, waarden de Nederlânske seelju op Spitsbergen yn kisten ûnder it iis stoppe, harren eagen op it easten rjochte. Hja leauden nammentlik yn ’e ferrizenis. Ea, oan it ein fan de tiden, soene se oereinkomme út ’e dea. Under it iis wei soene har lichems wer tefoarskyn komme. En tagong krije ta it Paradys.
Troch it opwaarmjen fan ’e ierde, feroarje de eilannen van Spitsbergen hieltyd mear. De kust erodearret. De beferzen boaiem dy’t de walfiskfarders iuwenlang bewarre hat, ûntteit. Harren grêffjild wurdt wer bleatlein.
Stadichoan ferrize de lichems fan ’e fiskers út it iis.
*
Op it earste each liket de opwaarming fan ’e ierde ús foaral te konfrontearjen mei in ûnwisse takomst. It ein fan ’e tiden kundiget him oan. De wrâld sa’t wy dy kenne wurdt bedrige troch in kaskade fan oansteande katastrofes – oerstreamingen, boaiemdelgong, stoarmen, drûchte, boskbrannen, it útstjerren fan alderhande libbensfoarmen. Mar wylst dy útsichtleaze takomst ús ferswolget, iepenet him tagelyk in poarte dêr’t ynienen in ferline yn trochkringt. Dit ferline hat it stal fan in skym. Dat wol sizze, fan in deade dy’t ûnferwachts wer op it aljemint komt.
*
It Paradys is in tiidleaze romte wêryn’t de minske ien is mei syn omjouwing. De earste minsken, Adam en Eva, libben dêr yn harmony mei de natuer. Mar doe’t se ieten fan ’e beam fan goed en kwea, ‘gongen har beide de eagen iepen en fernamen se dat se neaken wiene’ (Genesis 3:7). Ynienen kaam it harren frjemd foar dat de minske bleat wie, as wie er oars as de rest fan de natuer. Dy nije sjenswize op ’e wrâld makke it direkte kontakt mei de natuer ûnmooglik, om’t de minske himsels as unyk beskôgjen gong, as in wêzen dat boppe de natuer stie. Om dy reden waarden Adam en Eva ferbanne út it Paradys. De harmony wie fersteurd. God sei dat er de minske net mear sjen soe oant men ‘weromkomt ta de ierde, dêr’t men út nommen is: want stof biste en stof silst wer wurde’ (Genesis 3:19).
*
In ûngewoane drûchte hat yn 2018 yn Wales en op oare plakken yn it Feriene Keninkryk mysterieuze en spûkeftige linen sichtber makke. It bliek te gean om ôfdrukken dy’t âlde gebouwen en kastielen yn it lânskip efterlitten hawwe neidat se ferwoaste en fergetten wiene. Guon fan dizze ferskynsels lieden ta nije ûntdekkingen fan âlde maatskippijen. Untdekkingen dy’t allinich mooglik wiene troch it ferbaarnen fan it lân. Yn Tsjechië is it simmerwetterpeil fan de Elbe sa fier sakke dat saneamde hongerstiennen har op ’e nij fertoanden – âlde, úthoude rotsblokken mei driigjende teksten (Wenn du mich siehst, dann weine) dy’t takomstige generaasjes warskôgje foar de gefolgen fan drûchte. Yn ’e Italjaanske Alpen wurde de oerbliuwsels fan soldaten dy’t stoarn binne yn ’e Wite Oarloch frijlitten om’t de Presena Gletsjer dy’t troch it slachfjild rint, fuortsmelt. En ek yn East-Siberië rize perfekt konservearre lichems op út de weak wurdende permafrost. De wrâld riert him. Oerâlde stiltmes litte foarsichtich fan har hearre.
*
Wylst wy minsken ús los waanden fan it ierdske, it stoflike, binne wy der krekt yn trochkrongen. De atmosfear blykt fol spoaren te sitten fan ús oanwêzigens, spoaren fan de enerzjy dy’t wy ferbrûkten en de reizen dy’t wy makken. Sadwaande is ús hâlden en dragen fan ynfloed wurden op ierdske processen. Wy beweegje de ierde, waarmje har op. En oarsom beweecht de ierde ús. De natuer blykt nammentlik net dea of ûnbesiele. Lânskippen fibrearje, feroarje, bewege en lizze dêrby de oantinkens bleat dy’t ûnder it oerflak slomje. Dêrmei is it lân mei-groaniquer fan ús skiednis. Se bewarret, skriuwt, toant. Fêstiget de oandacht. Ut de groeden dy’t de minske yn hûnderten jierren yn it lânskip achterlitten hat, ferrizet in wierheid. Minsk en omjouwing hawwe nea los fan inoar west. It Paradys hat altyd by ús west.
Jilt Jorritsma
Jilt Jorritsma (1991) is schrijver en historicus. Zijn tweede roman Autopsie verscheen in januari 2025. Zijn debuutroman Was (2021) stond op de longlist van de Libris Literatuurprijs en de shortlist van de Anton Wachterprijs. Hij werd door NRC uitgeroepen tot ‘Rijzende Ster in de Literatuur 2022’. Eerder won hij de Joost Zwagerman Essayprijs 2018 en de Nexuc Connect Essayprijs 2016. Zijn essays en korte verhalen publiceert hij o.a. in literaire tijdschriften als De Gids, De Revisor, de Moanne en Ensafh.
Fotograaf: Simone Vermeeren